Gedicht
Tsjêbbe Hettinga
Gesicht fol seefûgels
Gesicht fol seefûgels
Gesicht fol seefûgels
Breder as Bremen de rivierDy’t swalket yn âlde fette klean
De nikkelkâlde iggen del,
Mei lippen wyt en pûlemûljend
As it griis âldwyfke, tanich
En Turks, mei de Bosporus yn it
Gesicht fol seefûgels, sulver
En in jannewarissinne, leech
En ‘Billig’, sa’t in keapman ropt
Oan my, de rivier dy’t nimt en bringt,
Breder as Bremen dy rivier,
Dy’t skearmessen waait, dy’t ik sykje
Om it wang wer sjen te litten,
Yn ’e kreammen fan Lyts-Azië,
Tusken de snypsnaren fan it
Westen, yn winterkjeld bewuolle:
Fazen mei barsten, ek fazen
Sûnder, blommen derop, in faas in
Frou dy’t in faas ferblommet, faas
Streamend fol brevierjende dreamen,
Breder as Bremen in rivier
Op in ferwettere akwarel,
Op in stik krûmlutsen triplex
En ûnder ’e môge, krús sûnder
Byld ûnder learen jaskes mei
Skylden, dolken, trijehoeksstippen,
Utstutsen mouwen en bûsen
Fol stoarne stoerheid en ferheffing,
Pumps fan sûzjende hichten, fan
Ingels fallen, swart mei flam, floeiend,
Breder as Bremen syn rivier,
Del ta dy, leafste, sjoch: de hakken,
Model fan gat en skrepsetten
Skonk, dy’t past en past, mar net passe
Under dy, myn mondaine skat,
Libjend op Europeesk te grutte
Foet, út in knibbelhege lears,
En wer yn in knibbelhege lears,
Marsjearjend al nei in bêd fol
Bleate fuotten, flecht en eachweiden,
Breder as Bremen, sa’n rivier,
Dy’t syn earmen om ús beiden leit,
Dy’t glidet nei in mûning, in
Haven, dy’t oankomt en wer útgiet,
Sâlt op de bleke lippen, sâlt
Bepreaun en yn dy bebiten, sâlt
Ferspield fan in sinkende mêst,
Like glêd as tin, it ôfskie, sêd
Fan haven do, Bremer ik, en
Us see dy’t tusken ús wer see is,
Breder as Bremen en rivier,
Neaken as it wang, skeard troch de wyn
En yn in sinne mei in fel fan
Fisken, spjirring, dy’t wy no lizzend
Binne – oant immen skillet en
De tillevyzje (stim ôfsteld en
Ut ’e hichte) op snie fan Garmisch
Ulrike har ivigen Abfahrt
Yn fertraging bringt, wer, wer, wer,
Einigjend yn ûntlatte stilte:
Breder as Bremen har rivier
Fan snie, bêd fan ’e dea, wyt lekken
Dat wyld opslacht nei de himel
Fan in hotelkeamer, ljocht, en do,
Mei dyn elektroanyske each
De glêzene dea om hals helpend
Yn ’e spegel fan dyn wedel-
Liif, slalom opstrewearre, tripkest
Nei de dûs, rûzest en dripkest
Yn in ferkwikkende wetterspraak,
Breder as Bremen mei rivier,
Sirenen, seefûgels en einen,
Dy’t it wetter oanklaaie mei
Moaie fearren, sa’tsto dy no toaist –
Sigeunerinneringen yn –
Foar de dei syn wetterfallend wurd,
En ik, licht oanset lûd fan hert
En siel, fan hot nei het: Schauburg en
Burchwert, Azië, Sujata,
Sweevjend oer Noardsee en Brunizem,
Breder as Bremen dyn rivier,
Idee, tinken oan in rivier, oan
Kielen dy’t diele yn wetter
Dat rotsen brekt, it basalt de gek
Oanstekt mei syn reauntsjend sjongen
(Skriemen, soms, yn bondels fol fan ljocht),
Sujata, Sujata, de pumps
Fan ien fan Azië har fuotten
Binne te lyts foar it Westen,
Skouderjend dyn hûd dy’t skynt en skynt,
Breder as Bremen ús rivier,
Fan dy en my de ier, aorta,
Fan dit plak it hert dat bonket
Yn de djippe dieselkeamers fan
De frachtskippen tsjin ’e stream yn,
Weagen, fan ’e boech it sykheljen
Fan in skippersklavier dat, weak
En kâld ferwaaid, Turks fertriet útblaast;
It is ús fertriet, dat swalket
Yn in Bremen, breder as Bremen.
© 2010, Tsjêbbe Hettinga
From: Aan schor en Stad Niks voorbij / Oan leech en Stêd Niks foarby
Publisher: Friese Pers Boekerij & Poetry International, Leeuwarden & Rotterdam
From: Aan schor en Stad Niks voorbij / Oan leech en Stêd Niks foarby
Publisher: Friese Pers Boekerij & Poetry International, Leeuwarden & Rotterdam
Gedichten
Gedichten van Tsjêbbe Hettinga
Close
Gesicht fol seefûgels
Breder as Bremen de rivierDy’t swalket yn âlde fette klean
De nikkelkâlde iggen del,
Mei lippen wyt en pûlemûljend
As it griis âldwyfke, tanich
En Turks, mei de Bosporus yn it
Gesicht fol seefûgels, sulver
En in jannewarissinne, leech
En ‘Billig’, sa’t in keapman ropt
Oan my, de rivier dy’t nimt en bringt,
Breder as Bremen dy rivier,
Dy’t skearmessen waait, dy’t ik sykje
Om it wang wer sjen te litten,
Yn ’e kreammen fan Lyts-Azië,
Tusken de snypsnaren fan it
Westen, yn winterkjeld bewuolle:
Fazen mei barsten, ek fazen
Sûnder, blommen derop, in faas in
Frou dy’t in faas ferblommet, faas
Streamend fol brevierjende dreamen,
Breder as Bremen in rivier
Op in ferwettere akwarel,
Op in stik krûmlutsen triplex
En ûnder ’e môge, krús sûnder
Byld ûnder learen jaskes mei
Skylden, dolken, trijehoeksstippen,
Utstutsen mouwen en bûsen
Fol stoarne stoerheid en ferheffing,
Pumps fan sûzjende hichten, fan
Ingels fallen, swart mei flam, floeiend,
Breder as Bremen syn rivier,
Del ta dy, leafste, sjoch: de hakken,
Model fan gat en skrepsetten
Skonk, dy’t past en past, mar net passe
Under dy, myn mondaine skat,
Libjend op Europeesk te grutte
Foet, út in knibbelhege lears,
En wer yn in knibbelhege lears,
Marsjearjend al nei in bêd fol
Bleate fuotten, flecht en eachweiden,
Breder as Bremen, sa’n rivier,
Dy’t syn earmen om ús beiden leit,
Dy’t glidet nei in mûning, in
Haven, dy’t oankomt en wer útgiet,
Sâlt op de bleke lippen, sâlt
Bepreaun en yn dy bebiten, sâlt
Ferspield fan in sinkende mêst,
Like glêd as tin, it ôfskie, sêd
Fan haven do, Bremer ik, en
Us see dy’t tusken ús wer see is,
Breder as Bremen en rivier,
Neaken as it wang, skeard troch de wyn
En yn in sinne mei in fel fan
Fisken, spjirring, dy’t wy no lizzend
Binne – oant immen skillet en
De tillevyzje (stim ôfsteld en
Ut ’e hichte) op snie fan Garmisch
Ulrike har ivigen Abfahrt
Yn fertraging bringt, wer, wer, wer,
Einigjend yn ûntlatte stilte:
Breder as Bremen har rivier
Fan snie, bêd fan ’e dea, wyt lekken
Dat wyld opslacht nei de himel
Fan in hotelkeamer, ljocht, en do,
Mei dyn elektroanyske each
De glêzene dea om hals helpend
Yn ’e spegel fan dyn wedel-
Liif, slalom opstrewearre, tripkest
Nei de dûs, rûzest en dripkest
Yn in ferkwikkende wetterspraak,
Breder as Bremen mei rivier,
Sirenen, seefûgels en einen,
Dy’t it wetter oanklaaie mei
Moaie fearren, sa’tsto dy no toaist –
Sigeunerinneringen yn –
Foar de dei syn wetterfallend wurd,
En ik, licht oanset lûd fan hert
En siel, fan hot nei het: Schauburg en
Burchwert, Azië, Sujata,
Sweevjend oer Noardsee en Brunizem,
Breder as Bremen dyn rivier,
Idee, tinken oan in rivier, oan
Kielen dy’t diele yn wetter
Dat rotsen brekt, it basalt de gek
Oanstekt mei syn reauntsjend sjongen
(Skriemen, soms, yn bondels fol fan ljocht),
Sujata, Sujata, de pumps
Fan ien fan Azië har fuotten
Binne te lyts foar it Westen,
Skouderjend dyn hûd dy’t skynt en skynt,
Breder as Bremen ús rivier,
Fan dy en my de ier, aorta,
Fan dit plak it hert dat bonket
Yn de djippe dieselkeamers fan
De frachtskippen tsjin ’e stream yn,
Weagen, fan ’e boech it sykheljen
Fan in skippersklavier dat, weak
En kâld ferwaaid, Turks fertriet útblaast;
It is ús fertriet, dat swalket
Yn in Bremen, breder as Bremen.
From: Aan schor en Stad Niks voorbij / Oan leech en Stêd Niks foarby
Gesicht fol seefûgels
Sponsors
Partners
LantarenVenster – Verhalenhuis Belvédère